Afscheid van ouderling Froukje Sikkema-Wijbenga   (28 januari 2024).


In de kerkdienst van zondag 28 januari 2024 nam Froukje Sikkema-Wijbenga afscheid als ouderling.
Zij vervulde deze taak zeer veelzijdig en werd bijzonder gewaardeerd.

Nadat ds. Binne van der Boon haar had bedankt voor haar 7 jaar trouwe dienst in onze gemeente, hield Janke van der Meulen, de ouderling met wie zij het meeste samenwerkte een toespraakje, waaruit bleek dat ze wel zeer gemist zal worden nu ze het ambt heeft neergelegd. Ze vormden een team, als Maria en Martha.
Tot besluit gaf Janke haar een zakje M&M's, symbolisch voor haar kleurrijke invulling van het ambt. Ook zou ze het mooie boeket bloemen krijgen dat op de tafel stond, samengesteld door de dames die de liturgische schikkingen maken.

Ten slotte was er nog het lied wat de gemeente haar toezong, speciaal voor deze gelegenheid gemaakt; waaruit ook blijkt, dat men hoopt dat er spoedig iemand zal worden gevonden om haar als ouderling op te volgen...


Ôfskied  (op de wize fan: Frysk Folksliet)

Op dizze snein sil elkenien wol witte:
Froukje nimt ôfskied nei in lange tiid
Sy sil no net mear by de tsjerkried sitte,
Dat witten makket ús wier net bliid.

Refrein:
Sjong dan en daverje fier yn it rûn...
Troch trou en leafde bliuwt Froukje ferbûn.

Har wurk, dat die se flink en sûnder stinnen,
"Eeh... bern, dat doch ik eefkes", sei se dan.
Oft it no bûten tsjerke wie of binnen,
Ek yn de Sanjes koe se der wol wat fan.

Refrein:
Sjong dan en daverje fier yn it rûn...
Troch trou en leafde bliuwt Froukje ferbûn.

Sân jier is lang, mar dochs is it foarbyflein,
It wurdsje trou, dat bliuwt foar altyd stean,
Want ek al bist dan net mear âlderlinge,
Meidwaan yn tsjerke... dat is wier net ferbean.

Refrein:
Sjong dan en daverje fier yn it rûn...
Troch trou en leafde bliuwt Froukje ferbûn.

De Martha fan ús club, dy nimt no ôfskied,
Wa makket no de tee en kofje klear...
En wa jout faak in wiis wurd yn ús tsjerkried?
Sûnder dyn ynbring witte wy it net mear...

Refrein:
Sjong dan en daverje fier yn it rûn...
Troch trou en leafde bliuwt Froukje ferbûn.

Merci, merci, wy wolle dy betanke,
Mei blommen litte wy dy aanst dochs gean.
En ek al kinne wy suver wol janke,
Wy hoopje dat in nije Martha op sil stean.

Refrein:
Sjong dan en daverje fier yn it rûn...
Troch trou en leafde bliuwt Froukje ferbûn.

Froukje, wy winskje dy hjoed al it Goede,
Echt ôfskied nimme dogge wy mar net,
Wy bidde: bliuw altiten yn Syn Hoede,
Want fan Syn Leafde hâlde wy ferlet...

Refrein:
Sjong dan en daverje fier yn it rûn...
Troch trou en leafde bliuwt Froukje ferbûn.